Twamansbob sechtjinde

15 jan 2011 - 19:02

Sybren Jansma is mei stjoerman Edwin fan Calker as sechtjinde einige yn de earste wrâldbekerwedstryd sûnt de Olympyske Spelen. Yn it Eastenrykse Igls kamen se yn de twamansbob oer twa runs ta in tiid fan 1.45,80, oardel tel stadiger as winner Switserlân. Dochs wienen beide mannen net ûntefreden omdat se mei in nije slide noch mar in wike yn training binne.

Jansma die mei Van Calker earder wol mei oan in tal Europa Cup wedstriden, in nivo leger as it wrâldbekersirkwy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)