H'Boys pakt IJsselmeervogels

15 jan 2011 - 17:28
  • Roel van der Meulen hellet út (foto: Sportfoto.nl)
  • Moai debút Peter Meindertsma (foto: Sportfoto.nl)

De fuotballers fan Harkemase Boys hawwe sneontemiddei fantastysk úthelle tsjin koprinner IJsselmeervogels. De Boys kamen wol mei 1-0 achter, mar dêrnei wie it De Harkema wat de klok sloech. Troch doelpunten fan Martijn Barto, Dennis Krohne, Roel van der Meulen en René van der Wey rûnen de Harkiten út nei in 4-1 foarsprong.

De Vogels drongen yn it lêste diel fan de wedstryd noch wol oan. Mar fierder as 2-4 kamen se net. De Boys stean no sande mei 24 punten út 16 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)