Drachtster Boys ferliest dik

15 jan 2011 - 17:14

De fuotballers fan Drachtster Boys binne min oan de twadde helte fan de kompetysje begûn. Yn de thúswedstryd tsjin Staphort gongen de Drachtsters kânsleas ûnderút mei 6-2.

De Boys begûnen slop oan de wedstryd en seagen foar de tee al tsjin in 2-0 achterstân oan. Nei is skoft kaam de 0-3 op it boerd. Troch doelpunten fan oanfierder Roelof de Jong en Jelle Tijtsma waard it noch wol 2-3. Mar Staphorst fûn dêrnei yn koarte tiid noch trije kear it net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)