Sjinkie Knegt fjirde op 500 m

15 jan 2011 - 16:45

Sjinkie Knegt is sneon by it Europeesk kampioenskip shorttrack yn Thialf as fjirde en lêste einige yn de finale fan de 500 meter. Syn grutte konkurrint foar de yndividuele Europeeske titel, de Fransman Thibaut Fauconnet, gong as winner oer de streek yn in tiid fan 42.235 sekonden.

Knegt pleatste him hiel knap foar de finale troch in searje oerwinnings yn de heats, de kwarfinale en de heale finale. Mar yn de finale kaam hy der net oan te pas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)