Wilders: Sahar mei net bliuwe

15 jan 2011 - 15:38

PVV-lieder Wilders is der net foar dat Sahar yn ús lân bliuwt. Hy sei dat by de presintaasje fan de Fryske PVV-kandidatelist tongersdei yn Sint Nyk.

It binne spannende dagen foar Sahar en har famylje yn Sint Anne. Sahar flechte mei har heit, mem en twa broerkes tsien jier lyn út Afganistan fanwege de Taliban. Oant no ta hawwe se alle prosedueres ferlern en driget útsetting wylst de trije bern folslein neat mear witte fan har bertelân. Nije wike wurdt in útspraak ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)