Jonges ferniele plantebakken
By it stasjon fan Snits hawwe jongeren freedtejûn plantebakken fernield. Tsjûgen bellen de plysje dat in groep jongeren planten út de bakken oan it skuorren wie. Yn in trein dy't op it stasjon stie, fûn de plysje it groepke.
Twa ynwenners fan Ljouwert fan 24 en 27 jier foldiene oan it sinjalemint dat de tsjûge trochjûn hie. Sy binne oanhâlden.