Famke oanriden yn Burgum

By it oerstekken fan de Skoalstrjitte yn Burgum is in famke fan 15 jier ferwûne rekke. Omdat se in kapusjon op hie, hat it famke út Suwâld by it oerstekken nei alle gedachten in auto fan in 22-jierrige bestjoerder út Niekerk dy't deroan kaam, oer de holle sjoen.
It famke bedarre op de motorkap en foel doe op strjitte. Se is mei de ambulânse nei sikehûs MCL brocht, mar se kaam der mei wat blauwe plakken ôf.