Súdwest Fryslân min berikber

As je de gemeente Súdwest Fryslân te pakken krije wolle moatte je wat geduld hawwe. De telefonisten fan de nije gemeente hawwe it smoardrok. Se krije elke dei 1000 telefoantsjes binnen dy't se mei tolve man ferwurkje moatte. En dat is folle mear as yn it foar ynskat wie.
De gemeente advisearret by fragen earst op de website te sjen of't dêr it antwurd ek stiet. Yntusken sille se der sels alles oan dwaan om har boargers gauwer te helpen.