PBF presintearret kieslist

15 jan 2011 - 13:04

De Fryske gemeentebelangen geane de provinsjale steateferkiezings yn ûnder de namme Provinciaal Belang Fryslân. Gerrit van Dellen fan Mitselwier is de man dy't de partij werom bringe moat yn it middelpunt fan de macht yn Fryslân. It eardere Gemeentebelangen Fryslân moast fjouwer jier lyn syn sit opjaan.

Yn Frjentsjer is freed de list fan kandidaten presentearre. Van Dellen die earder foar Algemien Belang Dongeradiel oan de riedsferkiezings mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)