Oranjewoud ek yn Kolombia

14 jan 2011 - 22:13

Yngenieursbedriuw Oranjewoud fan It Hearrenfean hat alle oandielen oernaam fan it Kolombiaanske GeoIngeniera. Dat is de merklieder yn de sivile- en miljeutechniek yn Kolombia. Der wurkje 400 minsken dy't har benammen dwaande hâlde mei it ûntwerp en de oanlis fan piipliedings foar gas en oalje. Mei de oername kin Oranjewâld syn posysje yn Súd-Amearika fersterkje.

It bedriuw hat as doel om har tsjinstferliening foar ynternasjonale klanten fierder te ûntwikkeljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)