Knegt twadde op EK Shorttrack

14 jan 2011 - 20:04

Sjinkie Knegt hat sulver helle by de EK shorttrack op de 1500 meter. De Bantegeaster makke yn de finale in pear foutsjes wêrtroch't de Frânsman Thibaut Fauconnet de winst pakte. Yn de heale finale helle Knegt mei in spektakulêre sprong oer in fallen tsjinstanner dochs noch de finale.

De Nederlânske ôflossingsploech, mei dêryn de Friezen Daan Breeuwsma en Sjinkie Knegt, hat mei oermacht de searje wûn. Se ha har dêrmei pleatst foar de heale finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)