Debút Meindertsma by Boys

14 jan 2011 - 17:22

Fuotbaltrainer Peter Meindertsma makket sneon syn debút as haadtrainer fan Harkemase Boys yn de topklasse. De Boys moatte it opnimme tsjin IJsselmeervogels út Spakenburg en dat is de koprinner.

Meindertsma is by De Boys de opfolger fan Henk de Jong, dy't de oerstap makke hat nei SC Cambuur. Meindertsma wie earder jeugdtrainer by Hearrenfean en in profklup yn Katar. De Feanster hat in kontrakt foar de twadde helte fan dit seizoen by Harkemase Boys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)