Testen Omrin Harns útsteld

14 jan 2011 - 17:08
  • Offaloven yn Harns

De testen dy't Omrin moandeitemoarn hâlde soe mei de tsjettel fan de ôffaloven yn Harns binne útsteld. Dit omdat de tariedings foar de test noch net klear binne. De testen sille no woansdei begjinne.

Se binne nedich om stof en smoargens út de tsjettel te blazen. Dat sil wat oerlêst jaan foar Harns en omjouwing. Want by dat testen komt der stoom út de piip fan de Rest Stoffen Energie Centrale. Dat jout sa'n fiif minuten lang in lûd fan in skipstoeter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)