Fellinga oproppen foar Haïty

14 jan 2011 - 14:03

Lesly Fellinga is troch bûnscoach Edson Tavares opnij oproppen foar it nasjonale alvetal fan Haïty. Op 9 febrewaris spilet Haïty de oefenwedstriid út tsjin El Salvador.

Yn novimber ferline jier krige Fellinga troch miskommunikaasje gjin útnoeging. De bûnscoach tocht dat Fellinga blessearre wêze soe. Omdat dat net sa wie, hat Fellinga doe de tasizzing krigen dat hy dêrnei wol wer oproppen wurde soe. De spiler fan Harkemase Boys hat 13 ynterlâns spile.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)