Eask 14 moanne yn ûntuchtsaak
It iepenbier ministearje hat freed in selstraf fan sa'n fjirtjin moannen easke tsjin in eardere ynwenner fan Burgum. De man hat neffens dat iepenbier ministearje yn Burgum yn juny 2008 fjouwer famkes lêstich fallen. It soe ûnder oaren gean om oanranding en ferkrêfting.
Earder waard de man troch de rjochtbank frijsprutsen fan dizze saken omdat der net genôch bewiis wie. Hy waard allinne feroardield ta in boete fan 500 euro.