Daihatsu fuort út Nederlân

© Omrop Fryslân
Fan 2013 ôf wurde yn Nederlân gjin auto's mear ferkocht fan it merk Daihatsu. De produsint hâldt op mei de ferkeap fan it automerk yn Europa omdat it te djoer is. It nijs wie efkes skrikke foar de fjouwer Daihatsudealers yn Fryslân.
Autobedriuw Schaap hat festigingen yn Drachten en Surhústerfean. Se waarden yn in fergadering yn Houten op de hichte brocht. Se wiene, tochten se, útnoege foar de plannen fan Daihatsu foar de kommende twa jier.