Learlingen meitsje belslide

14 jan 2011 - 12:16
  • In âlde belslide as foarbyld

De winter is op it stuit fier te sykjen, mar dêr lûke de learlingen houtbewurking fan Technopark op It Hearrenfean harren neat fan oan. Se binne dwaande mei it meitsjen fan in belslide. Dizze belsliden wurde net in soad mear makke, want it is hiel arbeidsyntinsyf.

De learlingen besykje in saneamde tikker te meitsjen oan de hân fan foarbylden en tekeningen fan de ferneamde âld-belslidemakker Auke Tuinstra út De Wylgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)