Foarstel sinnepanielen Skier

14 jan 2011 - 10:43

Der komme mooglik sinnepanielen op de skoallen op Skiermuontseach. Boargemaster en wethâlders stelle de gemeenterie foar om sawol op de basisskoalle as de middelbere skoalle sinnepanielen te pleatsen. Dat kostet 54.000 euro, mar troch in subsydzje hoecht de gemeente dat net hielendal sels te beteljen.

It pleatsen fan de sinnepanielen past neffens it eilân yn de ôfspraken dy't de Waadeilannen meielkoar makke hawwe oer duorsume enerzjy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)