Kramer net wolkom by PVV

13 jan 2011 - 20:18

De Drachtster politika Petra Kramer is freed net wolkom by de presintaasje fan de kandidatelist fan de PVV foar de Steateferkiezings. De PVV hat har dat witte litten, sa skriuwt se op twitter. Se hie har as sjoernalist fan de lokale omrop yn Drachten oanmelden foar de presintaasje.

Petra Kramer sit achter de twitterakkount PVVFriesland. Dêrop twittere se ûnder mear dat der in nij kampanjeliet keazen wie, mei in ferwizing nei in filmke fan Hitler.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)