Grins lulk op Hearrenfean

13 jan 2011 - 17:06

FC Grins komt mei in protestaksje tsjin de gemeente Hearrenfean. De klup en fans binne lulk, omdat se it net iens binne mei de ferfiersregeling foar de wedstriid Hearrenfean-Grins. Foar it earst sûnt jierren moatte de fans mei in autokomby nei Fryslân. Dat hâldt yn dat se koart foar de wedstriid in kaartsje krije yn Grins.

Grins ropt syn fans op om snein 30 jannewaris yn in stoet nei Hearrenfean te riden. De direksje fan Grins stipet de aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)