Selde nûmer foar 4 gemeenten

De gemeenten Dantumadiel, Kollumerlân, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne tenei alle fjouwer te berikken op itselde telefoannûmer. Wannear't ynwenners fan dy gemeenten it telefoannûmer 14 mei dêrefter it nûmer fan de gemeente 0511 draaie, krije se in keuzemenu mei de fraach nei hokker gemeente se trochferbûn wurde wolle.
Woansdei is it telefoannûmer offisjeel yn gebrûk naam. Wethâlder Houkje Rypstra fan Tytsjerksteradiel hat it keuzemenu ynsprutsen.