Man Feanshirts meldt him

De man dy't socht waard foar mooglike belutsenheid by de stellerij fan twa shirts út de pronkkeamer fan it Abe Lenstra Stadion hat him meld by de plysje. De foto fan de man stie sûnt begjin fan dizze wike op de webside dadergezocht.nl. De plysje sil no ûndersykje wat syn rol west hat.
Op 18 desimber, doe't de wedstryd Hearrenfean-De Graafschap spile waard, binne twa shirts út de pronkkeamer stellen. Ien fan de shirts is droegen by de bekerfinale tsjin FC Twente 2009.