Oandacht natuer by Ofslútdyk

It opknappen fan de Ofslútdyk is mislearre as it ryk neat docht oan de natuer by de dyk. Dêrfoar warskôgje tolve natuer- en miljeu-organisaasjes dy't by it Waad en de Iselmar aktyf binne. Mar sels foar it allinnich opknappen fan de dyk is op dit stuit net genôch jild.
Der binne oars net te min plannen om mear mei de dyk te dwaan. Fjouwer konsortsia fan bedriuwen ha dêrfoar earder op fersyk al ideeën yntsjinne.