Arts net bliid mei Rustenberg

13 jan 2011 - 13:12

Cambuur trainer Alfons Arts is net bliid mei de wize wêrop't Randy Rustenberg fuort gien is by Cambuur. Rustenberg spilet de rest fan it seizoen by AGOVV Apeldoorn.

De linker ferdigener hie alles al yn kalk en semint, mar hie de trainer net op de hichte steld fan syn beslissing. Cambuur kin der net safolle oan dwaan. Rustenberg hie by de Ljouwerters in amateurkontrakt en dat betsjut dat hy sa oerstappe kin nei in oare klup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)