Debút Luirink by Cambuur

13 jan 2011 - 13:07
  • Gijs Luirink

Gijs Luirink makket freed syn debút foar Cambuur yn de thúswedstriid tsjin FC Dordrecht. De sintrale ferdigener is foar de rest fan it seizoen hierd fan AZ. Hy sil nei alle gedachten mei Robert van Boxel it sintrum fan de ferdigening foarmje.

Reza Ghoochannejhad is wer fit en stiet ek yn de basis. Leon Hese sit, nei in operaasje oan de hakke, wol by de seleksje mar begjint op de bank. Ek Mark de Vries en Ozan Türk meitsje diel út fan de seleksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)