Ruil stipe Sahar - PVV-account

13 jan 2011 - 12:49

Yn ruil foar stipe oan it famke Sahar út Sint Anne dat mei útsetting bedrige wurdt, mei Geert Wilders it Fryske PVV-twitteraccount werom ha. Bliken docht dat de Drachtster politika Petra Kramer mei it account oan de haal gien is. Dat hat se woansdei yn har tweets tajûn. Har aksje wie bedoeld om de kampanje fan de PVV te ûndermynjen.

Kramer siet earder foar de SP en op eigen titel yn de gemeenteried fan Smellingerlân. De PVV docht oanjefte tsjin misbrûk fan de partijnamme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)