Goeie gearwurking eilannen

De gearwurking tusken de Waadeilânnen dy't twa jier lyn opset is om foar te kommen dat in gemeentlike weryndieling nedich is, wurket. Dat seit deputearre Galema nei oerlis mei de bestjoerders fan de Fryske Waadgemeenten. Dy ôfspraken binne earder fêstlein yn it konvenant "Vast op Koers".
Ien en oar soarget der net allinnich foar dat der effisjinter wurke wurdt, as it oer it Waad giet wurdt der ek folle mear yn ienriedichhied wurke as earder it gefal wie.