Randy Rustenberg nei AGOVV

Randy Rustenberg
Randy Rustenberg stapt per direkt oer fan Sportklup Cambuur nei AGOVV. De linksback spile op amateurbasis foar de Ljouwerters. De transfer komt as in lytse ferrassing, want trainer Alfons Arts sei moandei noch dat hy gjin mutaasjes binnen de seleksje ferwachte.
Arts wie bepaald net gelokkich mei de wize wêrop't Rustenberg hannele hat. De 26-jierrige Rustenberg spile trije seizoenen foar Cambuur en kaam ta 52 wedstriden. Hy miste troch blessueres ek in protte wedstriden.