Himpplantaazje Drachten oprôle

13 jan 2011 - 11:07

Yn in wenning oan de Schrijnwerkersweg yn Drachten hat de plysje woansdei in himpplantaazje oprôle. De plysjeminsken kamen de plantaazje by tafal op it spoar doe't se foar in oar ûndersyk yn de wenning wêze moasten.

Op de boppeferdjipping waard in plantaazje fan hûndert planten fûn. De stroom waard yllegaal ôftape. De 52-jierrige bewenner is oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)