Mooglik caravans fertsjustere

13 jan 2011 - 10:44

In 54-jierrige man út Wâldsein is woansdei oanhâlden op fertinking fan fertsjustering fan trije caravans. Dat soe de ôfrûne trije jier west ha. Trije beneidielden stalden har caravan by de man op De Lemmer. Dêr soene se te keap set wurde.

Nei ferrin fan tiid kamen de caravaneigners der achter dat it bedriuw ferhuze wie, sûnder dat sy ynljochte wiene. Op it nije adres fan it bedriuw yn Espel stiene de trije caravans net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)