Groeneveld wint, Kromkamp twa

Martijn Kromkamp
Christijn Groeneveld hat syn earste oerwinning yn de top-divyzje fan it maratonriden binnen. Op it iis fan Biddinghuzen wie de ynwenner fan Heerhugowaard de rapste fan in fjouwer man sterke kopgroep. Martijn Kromkamp fan Wolvegea waard twadde, Martijn van Es (Zoeterwoude) tredde. De hiele BAM-ploech die woansdei net mei.
By de froulju gong de winst nei Foske Tamar van der Wal, foar Sandra 't Hart en Yvonne Spigt.