De Skâns wurdt fernijd

12 jan 2011 - 16:50

De Skâns op De Gordyk wurdt fernijd. It kultureel sintrum krijt in nij plak by de Boargemaster Harmsmaskoalle. Alteast dat wol de gemeente. De âlde lokaasje soe sloopt wurde. By De Skâns binne se wiis mei de plannen.

It gebou hat in soad lytse romtes en foldocht amper oan de easken fan de brûkers. It gebou is fyftich jier âld. Tsien jier lyn waard al sloop foarsteld. Kosten wurde rûsd op goed 14 miljoen euro. De ried moat der noch oer te set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)