Beurs Boot Holland giet goed

Boot Holland is folboekt. Alle stands op de wettersportbeurs yn Ljouwert binne beset. De lêste jierren gie it minder yn de wettersportsektor, mar it pessimisme nimt ôf. Der sille in soad nije boaten te sjen wêze. Ek nije saken op it mêd fan navigaasje-apparatuer wurde toand. Der is dit jier ek omtinken foar sylboaten dy't droechfalle kinne op it Waad yn in spesjaal Waadpaviljoen.
Boot Holland is fan 11 oantemei 16 febrewaris yn it WTC Expo.