Dierepartij net by steaten

12 jan 2011 - 12:10

De Partij voor de Dieren docht net mei oan de kommende steateferkiezing. Dat is op it lêste momint besletten. De partij tocht in goeie kâns te meitsjen op in sit yn de steaten. Reden foar it beslút is de sûnens fan listlûker Annemarie van Gelder. Dy sûnens is al langer net goed, mar Van Gelder tocht as listlûker yn de kampanje wurkje te kinnen. Dat falt ôf. Der is noch net ien dy't dat wurk oernimme kin.

Neffens Van Gelder wurdt de partij populêrder en melde har mear leden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)