PVV misbrûkt op twitter

12 jan 2011 - 11:58

De Partij voor de Vrijheid siket de persoan achter it twitterakkount PVVFriesland. Under dy twitternamme wurde berjochten pleatst as: De dreigende alienbezetting is nog erger dan de huidige moslimsbesmetting! En dat komt dus net fan de PVV.

De partij besiket fia de provider en it Iepenbier Ministearje út te finen wa't der achter it twitterakkount sit. De partij fynt dat der sprake is fan smaad en laster ek al om't it byldmerk fan de partij brûkt wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)