Op Flylân wol thúsbefalle

Froulju op Flylân kinne noch altyd thús befalle. Earder waard meld dat froulju fan Skylge en Flylân tenei altyd nei de fêste wâl moatte foar de befalling. Dat jildt lykwols allinnich foar Skylge. De húsartsen dêr fine dat der net foldien wurde kin oan de noarm dat froulju binnen trije kertier yn in sikehús wêze kinne moatte.
Op Flylân tinke de húsartsen dêr dus oars oer.