Ferkeaper nepmerkklean oppakt

De plysje hat tiisdei in Ljouwerter (42) oppakt. Hy ferkocht neimakke merkklean ferkocht op De Weaze yn Ljouwert. Plysjes seagen de man mei in tas rinnen. De man besocht in broek te ferkeapjen. By in kontrôle fan de tas fan de man fûnen de plysjes broeken, t-shirts en ferskate soarten parfums. Al it guod is yn beslach naam.
Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke. Nei ferhoar op it plysjeburo mocht er wer nei hûs.