Mear besikers foar Tresoar

12 jan 2011 - 10:17

Tresoar hat ferline jier mear besikers lutsen. Der kamen mear minsken nei it histoarysk sintrum yn Ljouwert foar ûndersyk op de stúdzjeseal, útstallingen en lêzingen. Dat is opmerklik want in part fan Tresoar wie troch in ferbouwing in tal moannen minder tagonklik.

Ek digitaal wiene der mear besikers. Ferskate websiden hiene oardel miljoen mear 'hits'. Benammen de siden jongtresoar.nl, friesfotoarchief.nl en oeralindaboek.nl lutsen in soad folk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)