Frou byt ferpleechkundige

12 jan 2011 - 10:09

In frou (41) út Súdwest Fryslân is tiisdeitejûn yn it MCL-sikehûs yn Ljouwert oppakt. Se hie in ferpleechkundige mishannele. De frou wie earder op 'e jûn mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. By de behanneling woe se fuort en fersette har, se biet en klaude de ferpleechkundige.

De plysje hat de fertochte oanhâlden. De frou sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)