Atsma: oplossing traumahelys

11 jan 2011 - 20:38
  • Steatssekretaris Joop Atsma (foto Martin de Jong)

Der komt gau in oplossing foar de ûndúdlikheid oer de nachtfluchten fan traumahelikopters fan it UMCG yn Grins. Dat hat steatssekretaris Joop Atsma fan miljeu tiisdei sein yn de Twadde Keamer. Atsma fynt it gefaarlik dat de helikopters by nacht by it sikehûs de loft yn moatte.

Atsma hat saakkundige Menno Baksteen opdracht jûn om in oplossing te finen sadat de helikopters 24 oeren deis sûnder gefaren fleane kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)