Ferhúsplannen foar De Skâns

Der binne plannen om skouboarch De Skâns op De Gordyk te ferhúzjen nei de Boargemaster Harmsmaskoalle. Ien en oar is ûnderdiel fan in grutter plan om de foarsjennings op De Gordyk folle mear te konsintrearjen. Sa moatte der fan de fjouwer iepenbiere skoallen twa nije brede skoallen makke wurde. It ûnderwiis en De Skâns sjogge de plannen wol sitten.
De ried fan Opsterlân wurdt frege om 200.000 euro beskikber te stellen om de plannen fierder út te wurkjen.