Boeren wachtsje op guozzejild

11 jan 2011 - 17:57

Hast 250 Fryske boeren wachtsje al moannen op de fergoeding foar guozzebehear. It giet byelkoar om in bedrach fan in miljoen euro foar it behear dat se dit winterseizoen foar de guozzen dien hawwe.

BoerenNatuuer en LTO Noord fine dat de oerheden de fergoeding gau oermeitsje moatte. 26 novimber wie de uterste beteldatum. In lytse groep boeren hat it jild krige. De oaren krigen in brief dat der in fertraging fan trettjin wiken is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)