Nij útfeartsintrum Wolvegea

© Omrop Fryslân
It nije útfeartsintrum yn Wolvegea moat by de yngong fan it iepenbiere begraafplak oan de Hortensiastrjitte komme. Dat fynt de gemeente Weststellingwerf. Utfeartûndernimming Nanninga hat plannen foar in nij útfeartsintrum yn Wolvegea.
No't de gemeente in lokaasje fûn hat. sil Nanninga de grûn keapje foar in bedrach fan 80.000 euro. Foar de bou sille de fergunnings no oanfrege wurde. De gemeente hat wiidweidich ûndersyk dien nei ferskate lokaasjes.