Warskôging foar glêde diken

11 jan 2011 - 12:45

De lokale diken yn it noarden en noardeasten fan Nederlân kinne pleatslik glêd wêze troch winterske delslach. It KNMI hat tiisdei in waarwarskôging ôfjûn. Der lûkt in depresje mei izel, snie en wiete snie nei it noardeasten fan Nederlân fuort. Waarman Pyt Paulusma meldt ek dat it noch altyd glêd wêze kin.

Tiisdeitejûn en -nacht kin it ek glêd wêze. Dat komt benammen troch de beferzen ûndergrûn. Fan woansdei ôf is it minder kâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)