Gjin befallings Flylân/Skylge

11 jan 2011 - 12:05

Froulju op Skylge en Flylân meie net mear thús befalle. Ut ûndersyk docht bliken dat yn Nederlân de risiko's folle heger binne as yn de lannen om ús hinne. Dat komt benammen troch it feit dat in protte froulju kieze foar in thúsbefalling. Foar de eilannen smyt dat problemen op. As it misgiet, is de reistiid nei it sikehûs minimaal trije kertier. Dat is te lang en kin min beteare. Guon eilânbewenners binne der net bliid mei dat der gjin nije eilanners by komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)