Dialyzesintrum wreidet út

Yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten wurdt tiisdei in grutter dialyzesintrum iepene. Dat is fan it Martinisikehûs yn Grins. De nije húsfesting hat mear dialyzestuollen. It tal pasjinten dat behannele wurde kin, giet dêrmei fan tolve nei 36.
Pasjinten mei nierproblemen moatte faak wol in pear kear yn 'e wike nei it sikehûs te spielen. Dêrom is it wichtich dat de dialyze ticht by hûs bart. It sikehûs yn Grins iepene it niersintrum Nij Smellinghe yn 2009.