'Fúzje sûnder It Fean: okee'

11 jan 2011 - 00:05

Deputearre Sjoerd Galema is net langer tsjin in fúzje fan de gemeenten Skarsterlân, De Lemmer en Gaasterlân-Sleat sûnder Hearrenfean. Hy sei dit moandeitejûn op de nijjiersresepsje fan it CDA.

It wie tagelyk de start fan de ferkiezingskampagne foar 2 maart en dan wurdt der in soad beloofd. Sa sil it CDA him ynsette foar Noardwest-Fryslân. Galema wol 40 miljoen euro fan it NUON jild yn NE-Fryslân stekke om de ekonomy te stimulearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)