Nieuw Stroomland makket kâns

Folder Nieuw Stroomland
It projekt Nieuw Stroomland soarget ek yn de Ljouwerter gemeenteried foar in protte diskusje. Dochs liket it der op dat de gemeenteried ynstimme sil mei it fisyplan om by it Skinkeskâns-eilan oan de westkant fan Ljouwert in enerzjypark te bouwen.
Dat docht bliken út de útkomst fan in kommisjegearkomst fan moandeitejûn. Dochs binne der noch wol in soad rânebetingsten. Sa oppere de VVD om te sjen nei in alternatyf plak, wat djoerder is mar better is neffens har.