Saak-Ooms yn juny

De saak-Marinus Ooms sil ein juny ynhâldlik behannele wurde troch it hôf yn Ljouwert. It hat lang duorre foardat in datum fêststeld wurde koe om't de ferdigening ferskate kearen om ekstra ûndersyk frege. Al mei al duorret de saak no al mear as fjouwer jier.
De rjochtbank feroardiele trije fertochten earder ta selstraffen fan 18, 15 en 10 jier. Marinus Ooms waard yn oktober 2006 thús yn Haulerwyk mei messtekken om it libben brocht.