700 nije wenten yn E.Stell.

10 jan 2011 - 19:57

Eaststellingwerf wol yn de kommende tsien jier goed 700 nije huzen bouwe yn de gemeente. It giet benammen om wenten foar minsken âlder as 55 jier en om starterswenten.

De ôfrûne jierren binne der kwalik nije huzen boud fanwege de ekonomyske krisis. Dy skea wol de gemeente de kommende jierren ynhelje. Yn de trije grutte doarpen fan Eaststellingwerf, Easterwâlde, Appelskea en Haulerwyk, komme hast 500 huzen, yn de oare tsien doarpen sawat 200.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)